Soarch oer hertklepoperaasjes

24 okt 2010 - 09:55

De Fryske âlderebûnen meitsje har grutte soargen oer it plan fan it ministearje fan folkssûnens om gjin hertklepoperaasjes fia de ljisk mear te dwaan yn sikehûs MCL yn Ljouwert. Dat skriuwe se yn in brief oan leden fan de Twadde Keamer. Fryske senioaren dy't sa'n yngreep ûndergean moatte, moatte net te fier reizgje, fine de bûnen.

De âlderebûnen wize fierder op de sfear yn it MCL. Dat minsken dêr Frysk prate kinne, is ek fan grut belang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)