Soarch oer Frijheidswyk

21 feb 2008 - 22:01
  • Sloop en nijbou lost de problemen fan de Frijheidswyk net op

De Ljouwerter Frijheidswyk sil oer acht of njoggen jier opnij fersutere wêze.

Dy soarch hat it wykpanel fan de Frijheidswyk. Yn de ôfrûne moannen is 150 miljoen euro stutsen yn it opknappen fan 'e wyk. Goed 500 hûzen binne sloopt en ferfongen troch nije wenten. Tûzen oare wenten binne opknapt. Neffens foarsitter Velt fan it wykpanel smyt dat neat op as de bewenners fan 'e wyk net meiferoarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)