Soarch oer ferwizing jeugdhelp

24 mrt 2014 - 14:16
  • Húsdokter

De Fryske Feriening fan Húsdokters ropt húsdokters op om foaral te oerlizzen mei gemeenten oer ferwizing nei helpynstânsjes. Húsdokters binne benaud dat se net mear alle bern trochferwize kinne nei de goede helpynstânsjes as de jeugdsoarch takom jier ûnder de gemeente falt.

Ut ûndersyk docht bliken dat trije op de fjouwer dokters benaud binne dat gemeenten besunigje sille op soarch foar bern dy't ferlet hawwe fan psychiatryske help. In soad gemeenten sizze dat se wurkje sille mei in maksimumtal trochferwizings.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)