Soarch oer fertrage Taalwet

16 apr 2012 - 12:31
  • Bibleteekboeken

Twadde-Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA makket har soargen oer de Taalwet Frysk. Dat is de wet dy't de rjochten fan it Frysk op gelikense foet set mei it Nederlânsk. De kâns dat dy wet noch foar de simmer yn de Twadde Keamer komt, liket minimaal.

De foarige minister fan Ynlânske Saken, Donner, hat tasizzings dien. Mar de wet liket foar syn opfolgster Liesbeth Spies net folle haast te hawwen. PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fynt dat in minne saak. Ek de Nedersaksen binne teloarsteld yn Spies as it giet om posysje fan it Nedersaksysk.

Moandei is yn it Drintse Grolloo in grutte manifestaasje foar it Nedersaksysk mei as titel 'Geen miskenning, maar erkenning'. Jacobi fynt dat Friezen en Nedersaksen mei-inoar oparbeidzje moatte as it giet om it regeljen fan har taalrjochten yn Den Haach. De ryksoerheid hat dúdlik net al te folle gefoel foar taalbelied en meartaligens. Friezen en Nedersaksen rinne dúdlik tsjin fergelykbere problemen oan. Mei-inoar steane je dan sterker, sa fynt it Twadde Keamerlid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)