Soarch oer dump skippen

20 apr 2011 - 20:26
  • It dumpte skip by De Moarre

Rekreaasjeskip De Marrekrite ferwachtet hieltyd mear oerlêst fan minsken dy't skippen op bygelyks Marrekrite-lisplakken dumpe. De merk foar brûkte skippen dy't noch wat opknapt wurde moatte, is op dit stuit net al te bêst. En guon wolle graach ôf fan de kosten foar in lisplak. Dus wurde de skippen dumpt.

Sa is der koartlyn noch in njoggen meter lang kajútjacht fûn by De Moarre. It is heal sonken en de eigner is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)