Soarch oer djoere benzine

12 mrt 2012 - 15:56

Reisbusbedriuwen meitsje harren soargen oer de hege brânstofprizen. De ferwachting is dat dit jier wer in tal bedriuwen fallyt gean sil. Dalstra yn Surhústerfean ferheget de tariven mei in euro de persoan de dei.

Oaren lykas Paulusma yn Drachten en ITS yn Boalsert wolle de prizen net ferheegje. Om't de konkurrinsje grut is, binne se benaud dat klanten fuortbliuwe. Dy bedriuwen nimme wol oare maatregels. Sa krije sjauffeurs training om suniger te riden. Se moatte ek inkeld tanke by pompstasjons dêr't se koarting krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)