Soarch Fryslân oer begrutting

15 sep 2011 - 23:27
  • Deputearre Hans Konst

De provinsje makket him soargen oer hoe't it komt mei natoerorganisaasjes. Dy krije takom jier minder jild as it oan it ryk leit en it is net dúdlik hoe't de takomst foar de organisaasjes der dan útsjocht. Dat stiet yn de begrutting foar 2012.

Ek de takomst fan wettertechnologybedriuw Wetsus is ûnwis. It ryk jout dêr yn de begrutting gjin dúdlikheid oer. Fryslân sil ynkoarten nei Den Haach om dy dúdlikheid op te freegjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)