'Soarch foar bern moat better'

25 jan 2002 - 00:00

De soarch foar bern dy't mishannele binne moat folle better. Dat seit frou Baan fan thússoarch De Friese Wouden. Te folle gefallen fan bernemishanneling bliuwe ûnbekend en dat moat oars, sa seit se.

De ferskate soarchynstellings moatte better gearwurkje by it opspoaren fan mishannele bern. Tiisdei sil hjir op in sympoasium yn Ljouwert oer praat wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)