Soarch Bartlehiemers oer tarin

07 feb 2012 - 15:47

Yn Bartlehiem leit it iis der poerbêst by, mar minsken meitsje har soargen oer hoe't it komt as tûzenen reedrydfans der delstrike by in eventuele Alvestêdetocht. De ûnderfining út 1997 is dat Bartlehiemers dy't oan de Alvestêderûte wenje de tún grôtfol mei publyk krije.

Bartlehiem sil by in Alvestêdetocht hielendal ôfset wurde foar it autoferkear en der komme grutte stekken op it iis. Mar dy hâlde it publyk net fan it hiem fan de doarpsbewenners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)