Soarch by Alliade oer taksyferfier kliïnten troch Klomp

03 jun 2015 - 11:00
  • It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean

Soarchgroep Alliade is besoarge oer it taksyferfier fan 1300 kliïnten. Taksybedriuw Klomp út Ede docht dat foar Alliade, mar Klomp hat problemen mei it útbeteljen fan salarissen. It taksybedriuw is no yn petear mei in nije jildsjitter. Binnen twa wiken moat dêr dúdlikheid oer komme.

De 1000 sjauffeurs fan Klomp, ek dy út Fryslân, ha yntusken fakbûn FNV ynskeakele. De sjauffeurs binne hartstikke lilk, omdat se fine dat se net netsjes behannele binne. Alliade tinkt yntusken nei oer oare alternativen. Stappen wurde noch net set.

Yn Fryslân binne 170 sjauffeurs benaud dat se harren baan ferlieze sille. Soarchgroep Alliade tinkt yntusken al nei oer mooglike alternativen foar Klomp. Sy wachtsje no de ûnderhannelings fan Klomp mei de noch ûnbekende jildsjitter ôf. Neffens Klomp is dat de iennichst mooglike rêding dy't der noch is. Oant 15 juny nimme se de tiid om mei dy mooglike ynvestearder te ûnderhanneljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)