Soannen Rommy gean frij-út

12 des 2007 - 14:14

De soannen fan sjonger Rommy Henstra hoege net te soargjen foar in rektifikaasje yn de Ljouwerter Krante foar útspraken oer platebaas Gooitzen de Haan. Dat hat de rjochter woansdei bepaald. De Haan, mei de bynamme De Stille Genieter, hie de saak oanspand.

Yn oktober stie der in stik yn de krante mei as kop "Rommy volgens zoons door manager gebruikt." De soannen ûntkenne en de rjochter seit dat it artikel dêr yndie net dúdlik oer is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)