Soan Wim Duisenberg yn polityk

03 sep 2012 - 22:01

Nederlân jout eltse dei 70 miljoen euro te folle út, der binne tefolle wurkleazen, de arbeidsmerk is net fleksibel genôch en de kosten fan de soarch binne te heech. Dat sei Pieter Duisenberg moandeitejûn op in ferkiezingsbyienkomst fan de VVD yn Ljouwert. Duisenberg is de soan fan âld-minister Wim Duisenberg en berne op It Hearrenfean.

Hoewol't Fryslân net apart neamd wurdt yn it program, seit Duisenberg dat Fryslân net opgean moat yn ien noardlike provinsje.

Hy wol ek de lytse skoallen beskermje en dat de Sintrale As der komme moat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)