'Soal by Warkum moat útbaggere'

29 des 2006 - 08:10

De provinsje moat sa gau mooglik it Soal by Warkum útbaggerje, oars rekket de stêd wurkgelegenheid kwyt. Dat sizze ûndernimmers. Wettersporters en bedriuwen ferlitte Warkum omdat it Soal te ûndjip wurdt. Op guon plakken is it kanaal nei de Iselmar minder as oardel meter djip.

Benammen syljachten rinne fêst of kinne net mear yn de jachthavens komme. Dy gean dêrom nei in oar plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)