Soad ynteresse Waadfûns

02 aug 2007 - 06:33

Foar de ynskriuwing foar it Waadfûns is in soad belangstelling. Oerheden, ynstellings en partikulieren hawwe it drok mei it tarieden fan projektoanfragen fan tsientûzenen oant miljoenen euro's. De Dienst Landelijk Gebied begelaat dat mei seis minsken. It jild mei foar doelen lykas natoer en de ekonomy brûkt wurde.

Yn it Waadfûns sit 800 miljoen euro, De ynskriuwing is yn septimber en oktober.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)