Soad ynteresse post De Roos

23 maaie 2007 - 09:54

Foar de boargemasterspost yn Gaasterlân-Sleat binne 27 sollisitaasjebrieven binnenkaam. It giet om minsken fan hast alle politieke kleuren.

Under de sollisitanten is ien frou. Gaasterlân-Sleat sit sûnder boargemaster sûnt it opstappen fan Thea de Roos ein jannewaris. Mei koarten sil de kommissaris fan de keninginne in seleksje meitsje út de gadingmakkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)