Soad ynteresse foar Ter Heide

30 mrt 2010 - 13:26
  • Ruud ter Heide

Cambuurspiler Ruud ter Heide stiet yn de belangstelling fan ferskate klups yn binnen- en bûtenlân. Sa soe it Skotske Dundee United ynteresse hawwe, al wurdt dat foarearst ûntkend troch syn saakwaarnimmer André Paus.

Ter Heide komt op dit stuit op hierbasis út foar Emmen dêr't hy al 11 kear trefseker wie. It kontrakt fan de oanfaller rint by Cambuur noch ien jier troch. As Ter Heide fuortgiet, jout dat mear finansjele romte om Mark de Vries in kontrakt oan te bieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)