Soad ynteresse foar Súdlannen

09 des 2006 - 15:09

Foar de earste fase fan it nijbouplan Súdlannen is in soad ynteresse. De wenten komme te stean by it buertskip Techum, oan de súdkant fan Ljouwert. In ynformaasjedei oer it plan waard sneon troch sa'n 600 man besocht.

Ein dizze wike wurdt lotte foar de earste 105 wenten. De bou dêrfan set yn de maitiid út ein. Yn de hiele wyk Súdlannen komme 6500 wenningen, kantoaren, bedriuwsgebouwen en rekraasjefoarsjennings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)