Soad ynteresse foar nijbou Harns

03 jun 2002 - 00:00

De huzen steane der noch net, mar foar it wenjen yn de nije Harnzer wyk Ludinga is in soad ynteresse. Benammen minsken út Noard-Hollân wei wolle graach yn de nijbou oan de súdeast-kant wenje.

Harns wol gau begjinne mei it oanlizzen fan de nije wyk, wierskynlik takom maitiid. Fuotbalklub De Zeerobben sil troch de bou ferhúzje moatte, de plande dyk nei Ludinga rint oer har kompleks.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)