Soad ynteresse foar Hessel

11 sep 2004 - 09:30

Noch foardat de offisjele foarferkeap begûn is, binne der al 600 kaarten ferkocht foar it benefytkonsert fan sjonger Hessel yn Thialf. Freed wie de offisjele start fan Hessel voor Hessel.

De opbringst is foar ûndersyk nei de seldsume harsensykte Aicardi-Goutiêre. Hessel Tros út Ryptsjerk is ien fan de fiif bêrn yn Nederlân dy't de sykte hat. Der is 140.000 euro nedich foar it ûndersyk. Mooglik komt der in twadde konsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)