Soad ynteresse foar Blitsaerd

06 mrt 2005 - 12:59

Foar wenjen yn de nije Ljouwerter wenwyk Blitsaerd is in soad belangstelling. Projektûntwikkelder Wind út Drachten hat sa'n 400 minsken op papier dy't serieuze ynteresse ha foar it keapjen fan in wente yn de fillawyk oan de noardkant fan Ljouwert.

Oer de bou is diskusje. Der hat jierren fanút ferskate kanten fûl ferset west tsjin de plannen foar de nijbouwyk. De Raad van State hat koartlyn alle beswieren fan tafel fage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)