Soad ynstjoerings Liet-Lavlut

22 apr 2006 - 09:52

De belangstelling foar Liet-Lavlut, it sjongfestival foar minderheidstalen, liket hieltyd grutter te wurden. Foar de fjirde edysje hat de organisaasje 53 ynstjoerings ûntfongen fan sa'n 25 taalminderheden út hiel Europa. It sjongfestival is op 14 oktober yn de stêd Östersund yn Sweedsk Laplân.

Foar Fryslân giet Van Wieren, de winner fan Liet 2005, nei Östersund. Ek de Sámi-dielnimmer is bekend: it duo Johan Kitti en Ellen Sara Bähr.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)