Soad ynskriuwings Kleine Prijs

10 mrt 2004 - 00:00

Goed sechtichs bands ha har dit jier ynskreaun foar de Kleine Prijs van Sneek. Dat is de provinsjale talintejacht foar popmuzyk. Mar ien kear earder wiene der mear ynskriuwings.

Yn april binne trije foarrondes, dêr't mei elkoar achttjin groepen spylje. De bêste acht gean nei de finale op 5 juny yn it Bolwurk yn Snits. De winner giet nei de Grote Prijs fan Nederlân en wint in optreden en studiotiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)