Soad ynbraken ôfrûne wykein

09 jan 2007 - 11:34

Yn Fryslân is ôfrûne wykein in soad ynbrutsen. In bedriuw oan 'e Skoalstrjitte yn Burgum mist in klûs mei dêryn in noch ûnbekend bedrach. In dokterspraktyk yn Dronryp mist fiif kompjûterskermen en in laptop.

Fierders is by in stratersbedriuw yn Drachten foar 17.000 euro oan apparaten stellen. En yn Menaam waard ynbrutsen yn de biblioteek oan it Skilpaed. Ek dêr wie kompjûterapparatuer it doelwyt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)