Soad wurknimmers ree ta aksje

08 okt 2003 - 00:00

In pear hûndert Fryske wurknimmers hawwe woansdeitemiddei oanwêzich west by de lunsj-gearkomsten fan it fakbûn FNV. Mei inoar 13 bedriuwen krigen besite fan minsken fan it fakbûn. Se joegen ynformaasje oer de konsekwinsjes fan it kabinetsbelied.

Neffens de FNV binne in soad wurknimmers ree om yn aksje te kommen as se dat frege wurdt. Dizze earste Fryske aksjedei begûn by twa kwetsbere sektoaren: it ûnderwiis en de soarch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)