Soad útkearings Eaststellingwerf

26 feb 2004 - 00:00

It tal minsken dat in útkearing oanfreget yn Eaststellingwerf nimt skrikbarend ta. Ferline jier binne der 30 prosint mear útkearings oanfrege by de sosjale tsjinst. Yn 2002 gie it om 156 oanfragen, yn 2003 om 214.

De ferwachting is dat dat oantal dit jier noch fierder tanimt. Grutte wurkjouwers yn Eaststellingwerf, lykas Fano Fine Food, Frico Cheese en Plusfood hawwe of binne dwaande mei yngripende reorganisaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)