Soad ûnwis by Hearrenfean; Van Anholt en Larsson blessearre

29 jan 2015 - 16:27
  • Thomas Dalgaard makke syn debút yn de wedstriid tsjin FC Dordrecht

Hearrenfean-trainer Dwight Lodweges moat nochal puzzelje om ta in opstelling te kommen foar de wedstriid fan freed tsjin FC Dordrecht. Spits Mark Uth is skorst en dêrneist ûntbruts Sam Larsson tongersdei op de training. De linksbûten hat wer lêst fan syn skynbonke. Ek Pelé van Anholt is net fit. Hy hat tongersdei mar koart meitraind, omdat er wat siik is.

Dêrneist komt Marten de Roon werom fan in skorsing. Ferline wike ferfong Simon Thern him en spile in goede wedstriid. Lodeweges hat sels ek noch net besletten hoe't hy no spylje sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)