Soad ûngelokken troch glêdens

06 des 2010 - 10:18

Troch de glêdens hawwe it ôfrûne wykein ferskate auto's in skower makke. Tusken Skearnegoutum en Dearsum sloech in auto oer de kop en bedarre op 'e kop yn de feart. De bestjoerster út Frjentsjer rekke dêrby ferwûne. Op Skylge botste in frou mei de auto tsjin in beam. Se is mei ferwûning mei de rêdingsboat nei de fêstewâl brocht.

Tusken Akkrum en Aldeboarn rekke in man mei de auto yn 'e feart. Hy moast mei ûnderkuollingsferskynsels foar behanneling nei it sikehûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)