Soad ûngelokken troch glêdens

19 des 2004 - 15:43

Benammen yn it midden en noarden fan Fryslân wiene sneontemiddei 38 ûngelokken troch de glêdens. By in ûngelok op 'e autodyk by Marssum rekken twa minsken licht ferwûne. By in kettingbotsing by Wolvegea wie ien licht ferwûne. Fierder wie der in soad blikskea.

Neffens in wurdfierder fan de plysje wie it foaral op de grutte dyk tusken Ljouwert en Harns raak fanwege hagelbuien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)