Soad ûngelokken mei trampoline

19 jul 2007 - 17:47
  • der barre in soad ûngelokken mei trampolines

Dokters fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten ha har nocht fan de trampoline-ûngelokken. Hieltyd faker komme bern mei stikkene skonken en oare ferwûnings op de Earste Help. De ûngelokken komme faak om't der te folle bern tagelyk en te wyld op de trampolines springe.

De trampolines steane faak net stevich en binne net feilich genôch. De beskerming fan izeren buizen en fearren doocht ek net altyd like goed.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)