'Soad tsjerken moatte opknapt'

19 maaie 2005 - 08:35

In grut tal monumintale tsjerken yn Fryslân is der min oan ta en moat eins foar de ein fan it jier restaurearre wurde. Dat konkludearret de stifting Behâld Tsjerklike Gebouwen Fryslân. Fan '06 ôf wurdt de subsydzjeregeling foar restauraasjes feroare.

De regeling is dan allinnich bedoeld foar it ûnderhâld fan âlde gebouwen en net mear foar grutte restauraasjes. De NCM, koepel fan monuminte-organisaasjes hat de aksje 'Monument in gevaar' opset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)