Soad toeristen yn Fryslân

10 maaie 2008 - 17:09
  • lekker op it wetter

De frije Pinksterdagen en it moaie waar lûke in soad toeristen nei Fryslân. De boaten nei de eilannen sitte fol en ek op de kampings yn 'e provinsje is it drok. Fansels sykje ek in soad minsken it wetter op. Op de Fryske wetters farre allegear boatsjes.

De Fryske hoareka- en rekreaasjeûndernimmers dogge goede saken mei dizze waarme fakânsje. En it moaie waar hâldt noch oan oant tongersdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)