Soad toeristen yn Fryslân

07 aug 2013 - 21:16

Fryske hotels, campings en bungalowparken hawwe trije topwiken efter de rêch. Dat docht bliken út ûndersyk fan koepelorganisaasje Tourist Info Fryslân. Campings en hotels wiene mei it moaie waar foar 80 oant 90 persint fol. Allinnich Ljouwert bliuwt efter. Mei it moaie waar sykje toeristen minder gau de stêd op.

De goede besetting fan no betsjut net dat it minne foarseizoen hielendal kompensearre wurde kin. Foaral hotels hawwe neffens Tourist Info Fryslân doe al tefolle klanten misse moatten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)