Soad toeristen ferwachte

10 jul 2002 - 00:00

Tûzenen toeristen wurde kommend wykein yn Fryslân ferwachte. Neffens it NNBT, it buro foar toerisme, lûkt in evenemint as de ballonfeesten op De Jouwer, in soad belangstellenden. Ek it skûtsjesilen, dat sneon begjint, kin op in soad taskôgers rekkenje.

De measte toeristen komme foar in pear dagen. Santich prosint fan har komt út Nederlân, de rest meast út Dútslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)