Soad tips oer saak Ooms

13 nov 2006 - 16:13

Der binne oant no ta 120 tips binnenkaam oer de moard op Marinus Ooms. Alle dagen komme der noch nije tips by. De 51-jierrige Haulerwykster waard in moanne lyn dea yn syn hûs fûn.

De resjerzje hat neffens eigen sizzen genôch oanknopingspunten, mar sicht op ien of mear dieders is der net. Der wurkje op it stuit noch sa'n tritich minsken oan de saak. Mear tips binne neffens de plysje noch altyd wolkom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)