Soad tillefoanboeken op skoalle

11 maaie 2006 - 09:31

Basiskoalle De Bolder út Drachten is de bêste fan Nederlân as it giet om it ynsammeljen fan âlde tillefoanboeken. De skoalle kaam út op 6271 boeken en dat smyt in bedrach op fan 1255 euro foar de aksje 'Boeken voor Boeken'.

Foar in âld tillefoanboek krijt de skoalle 20 sint fan De Telefoongids BV. Mei dat jild kinne nije lêsboeken oanskaft wurde. Mei de aksje wurdt it op 'e nij brûken fan âld papier stimulearre en it lêzen befoardere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)