Soad te betide skoalferlitters

10 mrt 2003 - 00:00

De gemeente Smellingerlân is bot skrokken fan it grut tal te betide skoalferlitters yn Súdeast-Fryslân.

Ut sifers fan it regionaal meld- en koördinaajsesintrum iere skoalferlitters docht bliken dat yn de regio ferline jier 64 bern jonger as 16 jier it skoaljier net ôfmakke hawwe. Neffens de learplichtwet mei dat net. Ien fan de oarsaken is it gebrek oan kontrôle. Gemeenten soene ek bettere foarljochting jaan moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)