Soad tarin op wurk De Vries

21 okt 2006 - 16:44

It wurk fan keunstskilder Sjoerd de Vries ferkeapet mominteel tige goed. De skilder hat by in eksposysje yn Beetstersweich in rekord oantal skilderijen ferkocht. Syn útstalling hat oant no ta al 120.000 euro opbrocht. Fan de 23 wurken binne 18 ferkocht.

Neffens galeriehâlder Sterk is dit nea earder foarkommen yn Fryslân. Der binne no plannen om yn de takomst mei it wurk nei it bûtenlân ta te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)