Soad tarin op Solar Challenge

21 mrt 2007 - 12:20

Sechtjin teams hawwe har oant no ta opjûn foar de Frisian Solar Challenge. Dat is in race mei boaten dy't op sinne-enerzjy farre. It is de twadde kear dat de race hâlden wurdt.

De helte fan de teams komt út it bûtenlân, wêrûnder Ingelân, Poalen en Brazilië. De organisaasje hie net ferwachte dat it sa stoarm rinne soe mei de ynskriuwingen. De kommende moannen sille der noch wol mear teams bykomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)