Soad suvelfabriken steane leech

13 maaie 2002 - 00:00

Hieltyd mear Fryske gemeenten sitte mei âld-suvelfabriken yn 'e mage. Eartiids hie ús provinsje sa'n 70 suvelfabriken. Troch fúzjes en oernames steane de measten no leech. Guon suvelfabriken binne al mear as hûndert jier âld.

Mar in pear ha bygelyks as appartemintekompleks in oare bestimming krigen. De fabriken slope is troch de hege kosten foar in soad gemeenten gjin opsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)