Soad stipe op ynternet foar seehûnerêder Hessel Wiegman

25 jan 2016 - 08:20
  • Wiegman moat sike seehûnen gean litte.

Seehûnerêder Hessel Wiegman fan Skylge krijt op ynternet in soad stipe. Der is ek in petysje foar him opstart. De Nederlandse Voedsel- en Warenautoriteit (NVWA) die ferline wike in ynfal by Wiegman en helle doe tsien seehûnen fuort. Boppedat driget Wiegman ferfolge te wurden, om't er de seehûnen yllegaal opfongen hat. Hy wegeret sike seehûnen nei Pieterburen te bringen, om't er fynt dat de bisten dêr net goed behannele wurde.

De Skylger is mei oaren dwaande om in eigen opfang op Skylge op te setten. Hy wachtet noch op de fergunning.

De petysje foar Wiegman is oant no ta mear as 4000 kear tekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)