Soad stimmers foar nije gemeentenamme Noardwest-Fryslân

24 sep 2015 - 11:19
  • Stimme

Al mear as tsientûzen minsken hawwe harren stim útbrocht foar de nije gemeentenamme yn Noardwest-Fryslân. Dat meldt boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel op Twitter. Ynwenners fan it Bilt, Menameradiel, Frjentsjerteradiel en fjouwer doarpen yn Littenseradiel geane fan 2018 ôf op yn ien nije gemeente en dy moat fansels noch in namme ha. De opsjes dêr't út keazen wurde kin, binne Waadhoeke, Franeker en Nij-Westergo.

Op dizze nammen kaam al de nedige krityk. Sa sei de Topografyske Wurkgroep Fryslân dat alle trije nammen net doge. En dat der gjin Biltske nammen tusken stean, stekt ek by ynwenners fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)