Soad sportkantines skinke ek bier oan jongeren ûnder de 18

23 jan 2016 - 12:47

Tachtich prosint fan de sportklups yn de gemeente Ljouwert hâldt him net oan it alkoholbelied. Yn sportkantines wurdt noch fierstente faak alkohol skonken oan minderjierrigen, sa blykt út in stekproef fan 'e gemeente. De sportkantines springe der negatyf út. Oer it generaal slagget it minderjierrigen yn twatredde fan de hoarekasaken drank te keapjen.

Wethâlder Thea Koster is skrokken fan de útkomsten. Se hat alle ferienings in brief stjoerd om se nochris te wizen op konsekwinsjes fan it skinken fan alkohol oan minderjierrigen.

Se trunet der by de ferienings op oan konsekwint it ferbod op skinken oan minderjierrigen hân te havenjen. De gemeente Ljouwert fiert geregeld kontrôles út. Sa wurdt in saneamde mystery-guest ynset om te sjen oft kantines en kroegen har wol oan de regels hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)