Soad sollisitanten Wymbrits

07 feb 2001 - 19:49

Op de boargemastersfakatuere yn Wymbritseradiel ha 33 minsken sollisitearre. Dêr sitte fiif boargemasters en 15 wethâlders by. Mear as de helte fan de de kandidaten is tusken de 50 en 60 jier âld. In grut part is lid fan it CDA.

De nije man of frou folget boargemaster Koopmans op. Fan de nije boargemaster wurdt in aktive opstelling oangeande de de Fryske taal en kultuer ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)