Soad smokers yn hoarekasaken

15 apr 2009 - 13:44

It smookferbod wurdt yn mear as 60% fan de Fryske hoarekasaken oertreden. Dat docht bliken út in ûndersyk fan Klaassen Horecamakelaardij BV. Dat frege 1200 hoareka-ûndernimmers yn Fryslân hoe faak it foarkomt dat klanten it ferbod oertrede. Der kamen 172 reaksjes binnen en fan alle tsien ûndernimmers sizze seis dat it smookferbod oertreden wurdt.

It giet fral om de kafees en bars. Sa'n 13% yn dizze sektor wol mei om dizze reden de saak ferkeapje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)