Soad smoargens op strân

26 sep 2010 - 08:53

Op it strân fan Skylge is sneon mei-elkoar 40 kúb oan smoargens ophelle. Dat waard dien mei in skjinmakaksje fan de Waadferiening. 200 frijwilligers diene mei. De Waadferiening is skrokken fan de bergen ôffal op it strân.

Neffens in wurdfierder wurdt in soad smoargens bewust dumpt troch fiskersboaten. Eins soe der mear kontrôle komme moatte op it dumpen fan ôffal op see, sa fynt de feriening.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)