Soad skoallen litte earste lesoeren ferfalle

05 jan 2016 - 17:54

In soad skoallen foar fuortset ûnderwiis hawwe besletten om woansdeitemoarn pas om 10.00 oere mei de lessen te begjinnen. Dat jildt ûnder oare foar kristlik gymnasium Beyers Naudé yn Ljouwert, it Nordwin College, skoalmienskip Singelland yn Drachten en Burgum en skoalmienskip Simon Vestdijk yn Harns.

Skoalmienskip AMS yn Frjentsjer begjint woansdei ek om 10.00 oere. Tsientallen basisskoallen hawwe besletten om de skoalle woansdei hielendal ticht te hâlden.

Dat jildt ûnder oare foar alle basisskoallen fan ûnderwiisgroep Fier yn it noarden fan Fryslân, foar alle PCBO-skoallen yn de gemeente Ljouwert, foar alle skoallen fan ûnderwiisgroep Proloog yn Ljouwert en ek foar ûnderwiisgroep Roobol yn Noardeast-Fryslân.

De Fryske ROC's Friesland College en Friese Poort beslute woansdeitemoarn betiid om 06.00 oere wat se krekt dogge. De maatregels jilde net foar de skoalle fan de Friese Poort op Urk. Yn de polder izelet it net en dêrom wurdt gewoan lesjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)