Soad skeameldings nei needwaar

21 jul 2004 - 09:37

By de fersekerders Centraal Beheer, Avéro Achméa en FBTO binne hûnderten skeameldings binnenkaam as gefolch fan it needwaar it ôfrûne wykein. De meldings rinne fan omwaaide beammen en wetterskea oant ôfwaaide dakpannen.

Avéro ferwachtet de rest fan dizze wike yn Fryslân noch in soad neikommen meldings. Dat binne skeagefallen dy't earst by in tuskenpersoan oanjûn wurde. In hiel Nederlân wurdt de skea rûsd op 25 miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)