Soad skeaclaims yn Hearrenfean

03 feb 2003 - 00:00

De gemeente Hearrenfean moat mooglik foar tsientûzenen euro oan skeaclaims betelje. Sa'n tweintich minsken ha claims yntsjinne om't se mei de fyts fallen binne op de werynrjochte Sieversstrjitte.

De falpartijen ûntsteane om't de trotwaarbân fan de stoepe in pear sintimeter heger leit as it fytspaad. Om mear ûngemakken en claims foar te kommen, sil de gemeente de sitewaasje foar de simmer wer feroarje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)