Soad skeaclaims by Wetterskip

12 mrt 2008 - 12:22

Der is foar mear as 1,7 miljoen euro skea klaimd by Wetterskip Fryslân troch minsken dy 't sizze dat harren houten fundearring skea oprint troch in wetterpeilferleging. It giet benammen om gefallen út de Grutte Feanpolder en de Ychtener Polder.

Der is lykwols mar 100.000 euro oan skea útkeart troch it Wetterskip. Minsken krije dus yn de measte gefallen net de skeafergoeding dêr 't se om frege ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)