Soad skea by ynbraak Kollum

27 des 2011 - 11:07

De plysje ûndersiket in ynbraak yn in winkel oan de Andreaestrjitte yn Kollum. Moandeitenacht gie it ynbraakalarm ôf, wêrnei't it befeiligingsbedriuw en de plysje der hinne giene. By de winkel seagen se dat der in gat yn it dak makke wie. Mei in plysjehûn is socht nei mooglike dieders, mar der waard net ien fûn.

Der is nei alle gedachten neat stellen, mar de skea is wol grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)